Egeskov Slot Wikipedia

Slot Egeskov
lokaasje
lân
regioSúd-Denemark
gemeenteFaaborg-Midtfyn
plak5772 Kværndrup
adresEgeskov Gade 18,
bysûnderheden
type bouwurkKastiel
boujier1554
boustylRenêssânse
websidewww.egeskov.dk

It Slot Egeskov is in wetterboarch yn Kværndrup súdlik fan Ringen yn de gemeente Faaborg-Midtfyn, Denemark. It slot is ien fan Jeropa's bêst bewarre wetterboargen en waard yn 1554 boud troch ryksmaarskalk Frands Brockenhuus (1518–1569). It tsjintwurdich 1.137 hektare grutte lângoed sels is âlder en datearret út de 14e iuw.

Skiednis[bewurkje seksje boarne bewurkje]

Egeskov Castle For 460 years, Egeskov has stood in its beautiful location in the landscape of Southern Funen. See how various families have lived since year 1554. THE CASTLE & THE HISTORY For 466 years, Egeskov has stood in its beautiful location in the landscape of Southern Funen. Discover the history of the castle and surroundings.

De earst bekende eigner fan it lângoed wie in lid fan it skaai Skinkel yn it begjin fan de jierren 1400. Yn dy tiid hiet it goed Egeskovgaard. It skaai Skinkel besiet it goed foar mear as 150 jier, mar troch in houlik mei Anne Tinhuus Skinkel yn 1545 kaam it yn hannen fan Frands Brockenhuus, dy't it hjoeddeiske wetterslot yn renêssânse styl bouwe liet.

Slot mei poartegebou

Troch de politike ûnrêst, de reformaasje en de boargerkriich fan 1534 oant 1536 lieten in soad grutgrûnbesitters yn dy tiid harren hûzen ferbouwe ta in dreech yn te nimmen fêsting. Dat die ek Frands Brockenhuus, dy't syn boarch midden yn in grutte fiver boude. Neffens de oerlevering moast it slot op sa'n soad iken peallen boud wurde, dat dêr it hiele ikebosk foar nedich wie, itjinge de namme Egeskov (oers.: Ikewâld) ferklearret.

Oant 1784 bleau Egeskov yn hannen fan it neiteam fan Brockenhuus. Yn 1784 kocht Henrik Bille-Brahe (1709–1789) it slot, dy't út it aadlik skaai Bille stamde. Oant 1882 bleau it slot yn it besit fan de famylje Bille-Brahe, doe't it oerdien waard oan Julius Ahlefeldt-Laurvig-Bille. Hy liet it slot troch de Sweedske arsjitekt Helgo Zettervall renovearje. De spitsen fan de toer waarden verhege, de trepgevels rekonstruearre en it poartegebou waard boud. Noch jimmeroan is syn neiteam yn it besit fan it slot. Sûnt 1986 is it slot iepensteld foar toeristen.

Musea[bewurkje seksje boarne bewurkje]

Slotmuseum[bewurkje seksje boarne bewurkje]

Egeskov Slot Wikipedia

It wichtichste diel fan de museale gebouwen is it slot sels. Yn it slot binne tsjien pronkkeamers oer twa etaazjes en in útstalling ûnder it dak te sjen. Meubilêr, skilderijen, muzykynstruminten, porslein en tal fan oare keunstwurken dokumentearje de lange skiednis fan it hûs.

De wenwein fan de skilder Sigurd Swane en syn frou Agnete

Titanias Paleis[bewurkje seksje boarne bewurkje]

It bekendste útstallingsobjekt is it tige grutte poppehûs 'Titanias Paleis', dat ferneamd waard nei de elfenkeningin Titania. De Ingelske ofsier Sir Neville Wilkinson boude mear as 15 jier oan it keunstwurk. It keamergrutte paleis bestiet út mear as 3.000 keunstobjekten, dy't tige krekt yn details makke. Under de miniatuerromten fan it paleis is bygelyks ek in kapel mei in te bespyljen oargel.

Oare musea[bewurkje seksje boarne bewurkje]

Yn de oare gebouwen binne ferskate oare musea ûnderbrocht. Dêrûnder in museum foar oldtimers oant de jierren 1970, fleantugen en motors, in museum oer it de skiednis fan it rêdingswêzen fan Denemark en in útstalling fan poppehûzen. Oare útstallings geane oer de skiednis fan de lânbou, de hannel en de ambachten.

Tún[bewurkje seksje boarne bewurkje]

De om de fivers hinne oanleine tunen ûnstiene fasearre en wurde ek hjoeddedei noch jimmeroan fergrutte en foar de toeristen oanpast. In offisjele tagong foar it slot oer waard yn de jierren 1950 rekonstruearre.

Yn it noardeastlike, net foar it publyk tagongklike, diel is in histoarysk doalhôf fan hagebeuken, dy't yn it plan foar in grut part liket op it ferneamde doalhôf by Hampton Court Palace. It doalhôf is yn 1733 oanlein. Súdeastlik fan de slotfiver leit in doalhôf fan de multykeunster Piet Hein, in neikommeling fan de Nederlânske seeheld Piet Hein. Mear labyrinten om it slot hinne binne yn de moderne tiid oanplante.

Egeskov Slot Wikipedia Game

De tún waard yn de kategory 'Fiedere ûntjouwing histoaryske túnkompleksen' yn 2012 mei de Jeropeeske Túnpriis ûnderskieden fan it European Garden Heritage Network.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Egeskov slot wikipedia play
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Dútskktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: de:Schloss Egeskov

Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Egeskov Slot fan Wikimedia Commons.

Egeskov Slot Wiki

Untfongen fan 'https://fy.wikipedia.org/w/index.php?title=Slot_Egeskov&oldid=993211'
Born26 February 1965 (age 55)
Svendborg, Denmark
Noble familyAhlefeldt
Spouse(s)Princess Alexandra of Sayn-Wittgenstein-Berleburg
FatherClaus Ahlefeldt-Laurvig-Bille
MotherMerete Anette von Luettichau, born Ahlefeldt-Laurvig

Michael Preben, Count Ahlefeldt-Laurvig-Bille (Danish: Michael Preben GreveAhlefeldt-Laurvig-Bille) (born 26 February 1965) is a Danish count and landowner. In 1992 he assumed ownership of the family's residence Egeskov Castle near Kværndrup, from his father Count Claus Ahlefeldt-Laurvig-Bille (1932–2014).[1] Under his ownership, Egeskov Castle has been turned into one of Funen's major tourist attractions. He was awarded the title of hofjægermester[2](hunting master of the court) in 2006 and the title of kammerherre[3] (chamberlain) in 2015.[4]

Egeskov Slot Wikipedia Nba

On 18th of May 2019, he married Princess Alexandra of Sayn-Wittgenstein-Berleburg, niece of Queen Margrethe II of Denmark.[5]

Egeskov Slot Wikipedia

References[edit]

Egeskov Slot Wikipedia
  1. ^'Tidslinie, Egeskov slot' (in Danish). Egeskov Slot.
  2. ^'Hofjægermestre' (in Danish). Official website of the Danish monarchy.
  3. ^'Kammerherrer'. Kongehuset (in Danish). 2015-11-24. Retrieved 2020-10-26.
  4. ^Kraks Blå Bog. Denmark: Gads Forlag A/S. 2020. p. 28. ISBN978-87-12-06083-3.
  5. ^(In French) 'Mariage royal : La princesse Alexandra a dit oui au comte Michael', PurePeople (PureMédias), 24 May 2019.

Egeskov Slot Historie

Retrieved from 'https://en.wikipedia.org/w/index.php?title=Michael_Ahlefeldt-Laurvig-Bille&oldid=985493656'